SAR-feest op basis Ljouwert

SAR © Omrop Fryslân
Helikopters út ferskate lannen binne takom wike op de fleanbasis yn Ljouwert om te fieren dat de Nederlânske SAR-helikopter 55 jier bestiet. Trije dagen lang binne der aktiviteiten op de basis. Sa is der ûnder oaren in reüny foar (âld)piloaten en personiel fan de SAR.
De SAR-helikopter wurdt benammen ynsetten foar rêdingsaksjes en sykaksjes. Ek docht de SAR pasjinteferfier fan en nei de Waadeilannen. Oer de jierren hat de SAR hast 5400 kear yn aksje west.