PKN Droegeham wol âld papier

18 sep 2014 - 21:31

De PKN gemeente fan Droegeham is lilk op de gemeente Achtkarspelen. Al jierren besykje se ekstra ynkomsten te krijen troch it âld papier op te heljen, mar dat mei net fan de gemeente. Probleem is dat it âld papier no troch Omrin ophelle wurdt. In moasje yn it foardiel fan de tsjerke helle yn maart noch in mearderheid yn de gemeenteried, mar b. en w. wize no dy moasje ôf.

Achtkarspelen kin net ûnder it kontrakt mei Omrin út, sa seit it kolleezje. Neffens de PKN is dat ûnsin. Ek yn oare Omrin-gemeenten meie ferienings papier ophelje.

Se wolle dan ek dat de gemeenteried meikoarten opnij oer de kwestje praat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)