Frysk orgaan hjit no Dingtiid

It Orgaan foar de Fryske taal giet fierder ûnder de namme 'Dingtiid'. Dat is tongersdeitemiddei yn Earnewâld bekend makke. Dêr waarden de earste befinings fan it orgaan presintearre. It Orgaan is op 1 jannewaris 2014 ynsteld troch de Minister fan Ynlânske Saken yn it ramt fan de nije Fryske taalwet.
It Orgaan sil de kommende tiid saneamde 'dingpetearen' hâlde oer ûnderwerpen dy't de ôfrûne moannen nei foarren komme binne, lykas meartaligens en taalimago. Dizze dingpetearen kinne dan wer liede ta advizen oan Ryk en provinsje.
Neffens foarsitter Klaas Sietse Spoelstra fan Dingtiid is de emansipaasje fan it Frysk ta 'oan in nije fase'. Hy trunet der op oan dat saken dy't mei taalbelied te meitsjen hawwe profesjoneler oppakt wurde. Op dit stuit bliuwe noch tefolle saken hingjen, sa hat Dingtiid al konstatearre.