Polityk fernuvere oer plannen

De Fryske polityk is fernuvere oer it plan om al it kantoarpersoniel fan de rjochtbank yn Ljouwert te ferhúzjen nei Grins. CDA Twadde Keamerlid Sander de Rouwe stelt tongersdei keamerfragen oer de kwestje by de algemiene skôgings.
De steatefraksje fan de PvdA neamt de ûntwikkeling 'te betreurjen' en 'tsjin de ferwachtings yn'. De VVD makket him soargen en neamt it in kealslach foar Fryslân. De fraksje is benaud dat de stap nei it folslein ferdwinen fan de rjochtbank út Ljouwert mar lyts is mei dit plan.
Ek minister Opstelten is net entûsjast, neffens de steatefraksje fan de VVD.