'Ferhuzing min foar kwaliteit'

Advokaat Bart Canoy út Ljouwert tinkt dat de kwaliteit fan de rjochtspraak minder wurdt as alle personiel fan de trije noardlike rjochtbanken op ien lokaasje komt te sitten. It probleem is dat de sittingen wol op trije plakken hâlden wurde. Rjochters moatte foar in saak yn Ljouwert dan earst út Grins komme. Dit kostet tiid en dy reistiid falt ûnder wurktiid. Dat betsjut dat der minder lang ynhâldlik oan de saak wurke wurde kin.
Canoy sjocht de plannen dan ek net sitten. Hy tinkt dat it plan noch lang net beklonken is.
Der sil earst neitocht wurde moatte oer de problemen dy't ûntstean by sa'n ferhuzing.