Undersyk nei belied skoallen

18 sep 2014 - 15:20

Der komt in grut provinsjaal ûndersyk nei it belied fan skoallen op it mêd fan drugs, alkohol en smoken. It inisjatyf komt fan it platfoarm Nuchtere Fries, in gearwurking fan ûnder oaren de GGD, de ferslavingssoarch, gemeenten en de plysje. Op dit stuit is net dúdlik wat skoallen presys dogge oan bygelyks foarljochting oer drank, of hoe strang as se binne mei smoken of drugs. De ûndersikers wolle ek witte oft skoallen har regels oanpast hawwe, no't jongeren pas nei har 18e alkohol drinke meie.

As it nedich is wol it platfoarm Nuchtere Fries graach helpe by it jaan fan ekstra foarljochting. De resultaten fan it grutte provinsjale ûndersyk, nei de omgong fan skoallen mei drugs, alkohol en smoken, wurde ein fan dit jier ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)