Mooglik sjitterij yn Ljouwert

18 sep 2014 - 14:17
Foto: Omrop Fryslân

De plysje docht ûndersyk nei in melding fan sjitterij woansdeitejûn by in flatgebou oan de Kei yn Ljouwert. Doe't de plysjes dêr oankamen, troffen se gjin slachtoffers of fertochten oan.

Se hawwe mei meardere tsjûgen praat en buertûndersyk dien. De plysje giet fierder mei it ûndersyk.

Trefwurden: 
Ljouwert sjitpartij
(advertinsje)
(advertinsje)