Steblecki kin spylje tsjin PSV

18 sep 2014 - 13:58

SC Cambuur trainer Henk de Jong kin yn de topper tsjin PSV beskikke oer de Poalske middenfjilder Sebastian Steblecki. It wachtsjen wie op in wurkfergunnig fan it Poalske fuotbalbûn en dat is no rûn. Henk de Jong trainde tongersdei mei in sa goed as fitte seleksje.

Oanfaller Furdjel Narsingh stiet snein net yn de basis. Hy moat neffens De Jong noch in pear wiken traine om topfit te wêzen. Oanfalslieder Michiel Hemmen is fit om tsjin PSV te starten.

De seleksje trainde tongersdei foar it lêst. De Jong tinkt mei in dei mear rêst de ploech út Eindhoven better bestride te kinnen. PSV spilet tongersdeitejûn sels yn de Europa League.

Trefwurden: 
fuotbal Ljouwert SC Cambuur PSV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)