Bouwmeester pakt goud op WK

Marit Bouwmeester is op it WK silen yn it Spaanske Santander wrâldkampioen wurden. It is foar de twadde kear yn har karriêre dat se de titel pakt yn de Laser Radial. Nei har titel yn 2011 yn Australië wie se no de bêste op it wetter yn Spanje. Yn de ôfslutende medaljerace waard de sylster út Warten tredde en dat wie genôch foar it goud. De Sweedse Josefin Olsson waard twadde, de Belgise Evi van Acker pakte it brûns. Mei har winst hat Marit Bouwmeester ek foldien oan de kwalifikaasje-eask foar de Olympyske Spelen fan 2016 yn Brazilië.
Op de Olympyske Spelen fan 2012 yn Ingelân pakte Bouwmeester it sulver.