Steuring: gemeenten ûnberikber
Ferskillende gemeenten en oare organisaasjes wiene tongersdei telefoanysk net te berikken. Oarsaak wie in lanlike steuring by Vodafone. It gie ûnder oare om de gemeenten Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en De Fryske Marren. Mar ek wenningkorporaasjes WoonFriesland en Accolade wiene inkele oeren ûnberikber, sa litte se fia Twitter witte.
Oan it begjin fan de middei wie de steuring wer ferholpen.