Steuring gasstasjon Aldeboarn

18 sep 2014 - 09:56

In steuring yn it gasstasjon by Aldeboarn hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei foar in soad lûdsoerlêst soarge. Neffens de Gasunie wie in regelklep yn de oanfier fan brânstof lek, wertroch it gas ûnder hege druk ûntkomme koe. Dat joech wol in soad lawaai, mar wie neffens de Gasunie net gefaarlik.

Technisy fan de Gasunie hawwe de steuring ferholpen. De kommende dagen wurdt der wurke oan in definitive oplossing.

Trefwurden: 
Aldeboarn steuring gasstasjon
(advertinsje)
(advertinsje)