Friese Koers wol mear keunst

18 sep 2014 - 07:51

Om de kultuersektor in ympuls te jaan, moat der mear keunst yn it provinsjehûs komme. Dat fynt de steatefraksje fan Friese Koers. Neffens de partij past dat ek by Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Friese Koers tinkt dat der ûnder oare twa tentoanstellingen yn it jier holden wurde kinne yn it provinsjehûs. Dizze saneamde keunstsône kin neffens de fraksje in soad besikers lûke en talinten stimulearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)