Kulturele moanne foar bern

© Omrop Fryslân, Joline Dalstra
Bern fan basisskoallen yn Dongeradiel kinne de hiele moanne oktober fergees nei tal fan kulturele aktiviteiten. Sa binne der bysûndere foarstellings, rûnliedings troch de musea fan de gemeente en spesjale workshops foar bern. De aktiviteiten binne ûnderdiel fan de Oktobermaand Kindermaand, dy't ek yn in oantal oare Fryske gemeenten hâlden wurde sil.
Sa binne der ek aktiviteiten yn Ljouwert, Ljouwerteradiel en Menameradiel. It startskot foar de Oktobermaand Kindermaand waard woansdei jûn troch loko-boargemaster De Graaf fan Dongeradiel.