61ste edysje Agraryske Dagen

17 sep 2014 - 20:42

Yn Frjentsjer is woansdei de 61ste edysje fan de Agraryske Dagen iepene. Oant en mei snein binne der yn de stêd allegear aktiviteiten. Njonken tradisjonele ûnderdielen as de jiermerk, keatse, fuotbal en fjoerwurk, binne der dit jier ek nije aspekten lykas in sjippekisterace en in dance-evenemint.

It tema fan de Agraryske Dagen is dit jier 'AD Verbindt'. De organisaasje wol hjirmei mear libben yn de brouwerij bringe. Der wurde sa'n 35-tûzen besikers ferwachte yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
Frjentsjer Agraryske Dagen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)