Jild foar bettere leefberens

17 sep 2014 - 10:53

Provinsje Fryslân stelt 500.000 euro subsydzje beskikber foar bewennersinisjativen dy't bydrage oan de leefberens op it plattelân. It giet om projekten op it mêd fan bygelyks wurk, rekreaasje, natuer en lânskip. De projekten moatte it wenjen en wurkjen yn de regio nofliker meitsje.

Dit is de twadde subsydzjeronde. De earste ronde wie neffens deputearre Johannes Kramer in grut sukses, sjoen it grutte tal fan 53 oanfragen, dêr't 650.000 euro foar beskikber wie. Ferienings en stiftings kinne oant en mei 10 oktober subsydzje oanfreegje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)