Man pakt nei achterfolging

(argyffoto) © Omrop Fryslân
In winkelman út Ljouwert hat tiisdei in 20-jierrige dief oanhâlden. De winkelman trappearre de Ljouwerter yn syn saak oan it Hoeksterpaad. De dief naaide út, mar de winkelman koe him nei in achterfolging oanhâlde en hat him oerdroegen oan de plysje. Ut ûndersyk die bliken dat de dief in winkelferbod hie. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.