Dief trappearre op It Fean

17 sep 2014 - 10:15
Foto: ANP XTRA

De plysje hat tiisdeitemiddei op It Hearrenfean in man oanhâlden om't er laptops stelle woe út it magazyn fan de Aldi oan de Abe Lenstra Boulevard. De 41-jierrige man út Den Haag woe acht doazen mei laptops meinimme, mar waard trappearre troch personiel fan de winkel. Hy is oanhâlden en ynsletten op it buro.

(advertinsje)
(advertinsje)