Gokkast yn kasino iepenbrutsen

Gokkast © ANP XTRA
Op It Hearrenfean is tiisdeitejûn in gokkast yn in kasino oan de Gedempte Molenwijk iepenbrutsen. Twa mannen naaiden mei it jild út, it is net bekend hoefolle jild oft se meinaam ha. Underweis ferlear it duo in tas mei muntjild dat op strjitte telâne kaam. De dieders binne ôfset yn in auto. Fan har ûntbrekt elk spoar. De plysje ûndersiket de saak.