Fytsklup Frisia 50 jier âld

17 sep 2014 - 06:34

De Ljouwerter toerfytsklup Frisia bestiet 50 jier en is dêrmei de âldste toerfytsklup fan Nederlân. Kommende sneon fiere se it jubileum mei in fytstocht foar leden en harren famylje. Dy tocht begjint mei in fotomomint by de Aldehou. De rûte giet fia dearinnende dykjes nei doarpen dy't earder stimpelplakken wiene foar de stjerritten.

De dei wurdt ôfsletten mei in barbecue op sportpark Kealledykje yn Ljouwert. Dan sil ek it nije fytstenu presintearre wurde. De klup is yn 50 jier groeid fan 31 nei goed 200 leden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)