Duorsume kuiertocht by Jorwert

Fryslân moat it provinsjale miljeubelied noch mear rjochtsje op duorsumens om it lânskip as kultuererfguod te behâlden. De Friese Milieu Federatie hold woansdei in spirituele kleaster-kuiertocht by Jorwert om tal fan politisy en Fryske pommeranten bewuster te meitsjen fan de natoer om har hinne. Under lieding fan dûmny Wagenaar fan Jorwert ferrûn de kuiertocht yn stilte. Nei in besite oan it stilte- en besinningssintrum Nijkleaster, waard meielkoar iten op de pleats fan Auke Stremler, hy buorket sa natuerlik en duorsum mooglik.
De Fryske Miljeufederaasje, dêr't sa'n 40 natuerklups bij oansluten binne, organisearret dit jier foar de earste kear 'De Dag van het Ontwakend Landschap'. Doel is dat Steatsboskbehear de organisaasje takom jier oernimt.