'Eask fan 6 moanne te heech'

De advokaat fan de fertochte fan de grutte brân oan De Kelders yn Ljouwert ferline jier fynt de eask fan seis moanne sel troch it Iepenbier Ministearje te heech. Hy freget om frijspraak foar syn kliïnt. By de brân kaam in 24-jierrige studint om it libben.
De advokaat is it net iens mei de redenaasje fan justysje dat der in ûnfeilige gaskachel brûkt is yn de winkel. Sa soe de slang net goed wêze. Neffens de advokaat makket justysje net dúdlik dat de mankeminten der wol echt wiene.