Jorwert leveret Kening hynders

De Fryske hynders út de stâl fan Jelmer en Anita Chardon út Jorwert rinne mooglik op Prinsjesdei foar de Gouden Koets. Yn de maneezje wurde Fryske hynders traind en beleard en úteinlik ferkocht. De stâlen fan de Kening hearre ta de klantekring fan de Chardons. Se binne der net hielendal wis fan oft harren hynders ek echt foar de koets rinne, want de Keninginne mei de hynders in oare namme jaan. Oan de bewegings moatte se herkenne oft it echt hynders út de Jorwerter stâl binne.