Ferkearsljochten Hemriksein

16 sep 2014 - 12:25

Rykswettersteat hat moandeitemoarn ferkearsljochten delsetten by it Hemriksein by Ljouwert. De ferkearsljochten binne ûnderdiel fan it grutte ferkearsprojekt Leeuwarden Vrij-Baan. De ferkearsljochten binne earst test foardat se yn de rin fan de dei oansetten binne. Dêrnei binne alle rydstroken wer iepensteld foar it ferkear.

De ôfrûne moanne wiene der trije slimme ûngelokken by it Hemriksein, mar dat is neffens Rykswettersteat net de oanlieding foar de pleatsing fan de ferkearsljochten, dat wie al langer de bedoeling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)