Zwetteskoalle ferkearsfeilich

16 sep 2014 - 11:05

De Zwetteskoalle yn Snits krijt in ferkearsfeiligenslabel. Mei dat label wurdt oanjûn dat ferkearsûnderwiis op de basisskoalle in fêst plak yn it lesprogramma hat. Alders en learkrêften hawwe ek plannen makke om de feiligens te fergrutsjen. Sa is der in saneamde 'tút-en-derút'-sône makke op it parkearterrein fan de Aldi, tichtby de skoalle.

It ferkearsfeiligenslabel is in inisjatyf fan it Regionaal Orgaan foar de Ferkearsfeiligens yn Fryslân, it ROF, en wurdt nije wike woansdei oan de Snitser skoalle útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)