Famke ferwûne nei oanriding

16 sep 2014 - 10:28

In famke fan 17 is moandeitemiddei yn Easthim ferwûne rekke by in oanriding. It famke en in 12-jierrich jonkje út de gemeente Súdwest-Fryslân fytsten op de Pykedyk. Doe't in 27-jierrige motorrider it twatal ynhelje woe sloegen se ôf. De motorrider koe it famke net mear ûntwike.

It famke is mei ferwûnings oan de holle en pols oerbrocht nei it sikehûs. De motorrider is nei de dokterswacht yn Snits brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)