Wolkom op Wetterskip-feest

16 sep 2014 - 10:22

Wetterkip Fryslân noeget alle ynwenners fan Fryslân út om it 10-jierrich bestean te fieren. Op sneon 27 septimber iepenje ferskate lokaasjes yn de provinsje tusken 10.00 en 16.00 oere de doarren.

Nijsgjirrige besikers kinne ûnder oare sjen hoe't rioelwetter suvere wurdt, meie in rûte farre by natoerfreonlike wâlskanten del en kinne prate mei de muskusrattefangers fan it Wetterskip. Alle aktiviteiten binne fergees.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)