Rjochtsaak brân Kelders

Yn de rjochtbank fan Ljouwert is de rjochtsaak geande tsjin de 39-jierrige man út Drachten, dy't fertocht wurdt fan it feroarsaakjen fan de fatale brân op De Kelders yn Ljouwert. Dêrby kaam oktober ferline jier in 24-jierrige studint om it libben.
Oan de begjin fan sitting kondolearre de fertochte, dy't berne waard yn Irak, de famylje fan it slachtoffer en sei dat er spyt hat. Hy wurdt bystien troch in tolk. De man ferklearre dat er oan it stofsûgjen wie, doe't er ynienen in sisterjend lûd hearde. Hy tocht dat it de kachel wie, want it rûkte nei gas, en woe de gaskraan tichtdraaie. Doe ûntstie der brân. Dêrby soe de fertochte syn hân ferbaarnd hawwe.
Der wie wol in cv-ynstallaasje yn it gebou, mar dy die it net. Neffens de fertochte wie it gas ôfsletten fanwege wanbetelling fan de foarige hierder. Dêrom hie de Drachtster in gaskachel kocht fia ynternet. Dy wie nedich om't de meiwurkers fan de kleanwinkel it kâld hiene. De kachel, dy't op in meter fan de klean stie, baarnde twa dagen prima. Mar op de tredde dei ûntstie de brân. 'Ik weet dat kleren kunnen branden, maar dat het zo snel zou gaan wist ik niet', sa sei de fertochte tsjin de rjochter. Ien fan de ferkeapsters, dy't der in pear dagen wurke, ferklearret dat de kachel wol hiel ticht by de klean stie.
De kleanwinkel waard sûnt maaie 2013 eksploitearre troch in frou. Sy hie gjin idee hoe't it krekt siet mei de ferwaarming en de cv yn de winkel. De fertochte runde de winkel.
In klant yn de winkel woe krekt ôfrekkenje en seach de fertochte dwaande mei de kachel. De frou ferklearret: 'Ik hoorde wat gepruts'. De fertochte seit dêrop dat er de gaskachel tichtdraaie woe. De klant seach dêrnei in stekflam oant it plafon, wylst de fertochte by de kachel midden yn it fjoer stie. Dêrnei is se fuort nei bûten rûn.
Neffens in meiwurker siet der in moer fan de gaskachel los. Mar de fertochte wit dêr neat fan en wit ek net hoe't dat kin. Yn de seal stiet in replika fan de kachel en de gasflesse (foto). De fertochte wurdt frege om foar te dwaan wat er dien hat. Op syn hurken docht er de kraan ticht en fertelt de rjochter wat er dien hat en wat der bard is.
De fertochte wist dat der minsken boppe de winkel wennen. Hy hat besocht se te warskôgjen: 'Ik riep ze nog en gooide steentjes tegen de ramen'. Ien fan de bewenners ferklearret dat der gjin flechtwei wie foar it slachtoffer. Der is faak oer sprutsen en oanjûn by de eigener, mar der is neat meidien.
De fertochte is al gau nei it útbrekken fan de brân nei hûs gien. It fjoer bruts om 17:30 oere út, neffens justysje siet de man om 17:45 oere al yn de bus nei syn wenplak Drachten. Eigeners en ûndernimmers easkje oant tsientûzenen euro's skeafergoeding foar it ferlern gean fan harren ynboel. De feriening fan eigeners easket trije ton skeafergoeding.
De offisier fan justysje lêst dêrnei in ferklearring foar fan de neibesteanden. 'Wat jouw straf ook zal zijn, het zal nooit genoeg zijn om ons verdriet en gemis te verlichten', sa stiet der yn dy ferklearring. It IIepenbier Ministearje giet út fan brân troch skuld mei deadlike ôfrin.