Frou slein troch ynslûper

16 sep 2014 - 10:02

In bewenster fan de M.H. Trompstrjitte yn Ljouwert is moandeitejûn troch in ynslûper yn har gesicht slein. De frou kaam yn 'e keuken en seach dêr in ûnbekende man stean. Doe't se de ynslûper oanspruts, joech dy har in fûstslach yn it gesicht en naaide út.

De man krige net de tiid om guod mei te nimmen. De plysje sette in syktocht op tou, mar koe de man net fine.

Trefwurden: 
Ljouwert ynslûper
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)