Ekstra kontrôles lânbouferkear

16 sep 2014 - 08:43

De plysje sil dizze hjerst it lânbouferkear ekstra kontrolearje. Ut foarige kontrôles docht bliken dat in soad trekkers en masines net oan de regels foldogge. De ferljochting wurket net goed, dielen stekke te fier út efter de trekker of de bestjoerder makket gjin gebrûk fan goede markearjende warskôgingsbuorden. Ek konstatearret de plysje dat de lading faak net goed fêstmakke is, wêrtroch gefaarlike situaasjes ûntstean kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)