Oud Sneek fiert jubileum

Al hat de monumintestifting Oud Sneek al mear as fjirtich gebouwen yn de stêd restaurearre, se binne noch net klear mei it wurk. Dat die bliken op in gearkomste yn it ramt fan it 50-jierrich bestean fan de stifting. Dy waard holden yn it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits.
De stifting wie deryn slagge om njonken boargemaster Hayo Apotheker ek syn trije foargongers, Bernhard van Haersma Buma, Sybolt Hartkamp en Arno Brok, nei de Wetterpoartestêd te krijen.