Jephta is nije húsdichter RUG

De 21-jierrige Jephta de Visser fan Warten mei harsels in jier lang húsdichter fan de Ryksuniversiteit Grins neame. De studinte keunstskiednis mocht by de iepening fan it akademysk jier har gedicht 'Universiteit' foarlêze. Fierder sil alle moannen in gedicht fan har publisearre wurde yn de Universiteitskrante en mei se in poëzy-evenmint organisearje yn de studintestêd.
De Visser hat yn it ferline faker meidien oan dichtwedstriden. Sa stie se yn de finale fan de Slauerhoff Poëzywedstriid en wûn se yn 2011 Doe Maar Dicht Maar.