'Promoasje KH2018 te let'

15 sep 2014 - 19:38

De promoasje foar Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 komt fierstente let op gong. Dat is de krityk fan it buro foar toerisme Friesland Holland út Wolvegea. Neffens it buro moat it evenemint no al op 'e kaart setten wurde, sadat der net pas yn 2018 profitearre wurde kin fan de titel Kulturele Haadstêd.

De organisaasje fan Ljouwert Kulturele Haadstêd kin har net fine yn 'e krityk. Neffens harren is it boppedat no noch te betiid om mei promoasje te begjinnen. Se starte yn 'e rin fan takom jier mei in kampanje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)