Mear studinten yn Ljouwert

15 sep 2014 - 17:12

Dit jier hawwe har lanlik op 'e nij in rekôrtal studinten oanmeld by in studinteferiening. Yn Ljouwert binne der ek mear oanmeldings. By it Van Hall Larenstein hawwe harren 190 nije studinten ynskreaun by Osiris. Ferline jier wienen dat 150. Dat is gjin rekôr foar Osiris: yn 2012 melden 196 nije leden harren oan by de feriening. Sempiternus hat ek in soad nije leden derby krige. Dêr wie mei sechstich nije leden in taname fan sawat 10%.

De ferienings ferklearje de groei trochdat Ljouwert in echte studintestêd wurden is.

Trefwurden: 
Ljouwert studinten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)