Cambuur genietet nei

15 sep 2014 - 16:20

It kin net oars of teletekstside 819 draait oeroeren yn Ljouwert. Alle Cambuurfans wolle sjen nei de side mei de stân fan de earedyvyzje. De Ljouwerters stean nei fiif wedstriiden nammentlik op it tredde plak. Snein waard FC Grins mei 3-0 ferslein. Foar in soad Ljouwerters waard it sa in geweldige dei.

As Cambuur snein fan PSV wint en PEC Zwolle gelykspul spilet of ferliest fan AZ, komme de Ljouwerters boppe-oan te stean yn earedivyzje. It positive, oanfallende fuotbal fan Cambuur falt lanlik ek op, fernimt de supportersfereining.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)