Fragen VVD oer charterfeart

15 sep 2014 - 12:18

De Twadde Keamer bemuoit him ek mei de problemen dy't de Nederlânske berops-charterfeart hat mei Denemarken. De VVD hat Keamerfragen steld. Denemarken easket dat Nederlânske sylskepen foldogge oan de ynternasjonale standaard fan cruise-skippen wylst oare Europeeske lannen dat net easkje. Dat hat yn de ôfrûne jierren soarge foar in soad gedoch yn Deenske havens. Guon skippen binne sels oan de ketting lein. De Nederlânske feriening foar de berops-charterfeart stapt no nei it Europeeske Hôf om de saak op te lossen.

Skipper Jan Bruinsma fan de Tallship Company yn Frjentsjer is ien fan de Friezen dy't geregeld op Denemarken fart. Op dit stuit fernimt er net al te folle fan de Deenske regels, mar dat wie fiif jier ferlyn wol oars. Neffens Bruinsma binne de Denen wat mylder wurden nei't Nederlânske amtners yn petear gien binne mei harren Deenske kollega's. Dêr is oant no ta lykwols noch neat út kaam. Wat de gefolgen wêze sille fan de stappen dy't de feriening foar berops-charterfeart nimt, doar Bruinsma net te sizzen. Hy ferwachtet dat Denemarken te benaud is foar eventuele skeaclaims by in foar it lân negative útspraak fan it Hôf, om yndie de regels wer stranger oan te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)