Marit Bouwmeester no tredde

14 sep 2014 - 21:07

Marit Bouwmeester stiet nei fiif races op it tredde plak yn de striid om de wrâldtitel yn de Laser Radial. Yn it Spaanske Santander wikselje de omstannichheden nochal ris. De Sinese Zhang stiet earste mei 11 punten. Josefin Olsson fan Sweden hat 17 en Marit Bouwmeester 18 punten. Zhang en Olsson hawwe beide al in aardich skrasresultaat te pakken. Dat hat Marit Bouwmeester net. Har searje oant no ta: achtste, earste, twadde, sânde en achtste.

Trefwurden: 
WK silen Marit Bouwmeester
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)