Auto oer de kop op A7

14 sep 2014 - 18:03
Auto oer de kop midden op A7 - Foto: Gerwin de Vries, De Vries Media

Op de A7 fan Drachten nei Grins is snein oan 'e ein fan de middei in auto oer de kop slein. De auto lei midden op de dyk yn 'e buert fan de ôfslach Mearum yn Grinslân. It is noch net bekend oft der ek minsken ferwûne rekke binne by it ûngelok.

Der ûntstie in file fan in pear kilometer dy't oploste doe't it bergingsbedriuw de auto fuortsleepte.

Trefwurden: 
A7 auto-ûngelok
(advertinsje)
(advertinsje)