Wer gjin winst foar LDODK

De kuorballers fan LDODK wisten snein yn de eareklasse op 'e nij gjin punten te pakken. Op eigen fjild waard mei 17-14 ferlern fan Blau Wyt Amsterdam.
Beide ploegen kamen op De Gordyk dreech op gong. By in stân fan 3-3 soarge Femke Faber foar in 5-3 foarsprong. Dy marzje wist LDODK lykwols net fêst te hâlden. By it skoft wie de stân wer yn lykwicht (7-7).