Michiel Hemmen blessearre

Michiel Hemmen © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
SC Cambuur begjint de wedstriid tsjin FC Grins sneintemiddei sûnder Michiel Hemmen. Hemmen heakke koart foar de wedstriid ôf fanwege in blessuere oan 'e rêch. Hemmen wol neat forsearje en bliuwt dêrom út foarsoarch oan de kant. Syn ferfanger is Martijn Barto. Nei alle gedachten is Hemmen nije wike yn de útwedstriid tsjin PSV wer fan de partij.
Yn de noardlike twastriid stiet Daniël de Ridder yn de basisalve fan trainer Henk de Jong. Hy spilet op it plak fan Dejan Meleg, dy't op de bank sit.