Romme winst Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart pakte sneontejûn in 3-0 oerwinning op Alcides. Op eigen fjild kamen de Snitsers nei 20 minuten op foarsprong doe't Age Hains Boersma in strafskop fersulvere. Boersma waard krekt dêrfoar troch syn ferdigener fêstholden yn de 16 meter, wêrnei't de bal op de stip gong. Tsien minuten letter kopte Sean de Ruiter in goede foarset yn it net.
Nei rêst krige de ploech fan trainer Berry Zandink op 'e nij de bêste kânsen. Yn de 88e minút soarge Erolind Derguti foar de tredde Snitser treffer en sette dêrmei de einstân op it boerd.