Lêste swimdei yn Gytsjerk

Hoewol't de waarberjochten goed binne, bliuwt it swimbad yn Gytsjerk net noch langer iepen. Ferline wike barde dat wol, op de dei dat it swimseizoen eins ôfsletten wurde soe. De ôfrûne wike luts it swimbad alle dagen tachtich oant hûndert besikers. Foar in grut part binne dat minsken mei in abonnemint. Dêrtroch hat it swimbad net in soad ekstra ynkomsten hân, wylst der wol mear kosten makke wurde moatte om it swimbad iepen te hâlden.
It swimseizoen yn Gytsjerk wurdt no sneintemiddei om 5 oere definityf ôfsluten.