SCO te sterk foar Amicitia

De kuorballers fan SCO pakten sneon in 21-17 oerwinning op Amicitia. Yn Vriezenveen rûnen de Aldeholtpeasters by in stân fan 3-3 út nei in 7-3 foarsprong. Foar it skoft kaam Amicitia lykwols knap werom, wêrtroch't de ploech fan Aegle Frieswijk de klaaihokken opsocht mei in 9-7 foarsprong.
Nei rêst wreide SCO de foarsprong op 'e nij út en kaam op 14-8. Dy marzje kaam net mear yn gefaar. De ploech fan trainer Frieswijk pakte dêrmei de twadde oerwinning fan it seizoen.