Lykspul ONS Snits tsjin Lisse

ONS Boso Snits pakte sneon op it eigen Sudersportpark in swier befochten 2-2 lykspul tsjin FC Lisse. Betiid yn de wedstriid moasten de Snitsers fierder sûnder Martijn Roosenburg, dy't blessearre útfoel. De gasten út Lisse setten yn de 28e minút de iepeningstreffer op it boerd.
Yn de de slotfaze profitearre FC Lisse fan in flater yn de Snitser ferdigening (2-0). Mei noch 7 minuten op 'e klok brocht Tjisse Kerkstra de spanning werom mei de Snitser oanslutingstreffer. Yn blessueretiid wie it op 'e nij Kerkstra dy't foar de lykmakker soarge.