Van Egdom wint Tri-Ambla

13 sep 2014 - 17:44

De 13e edysje fan de Tri-Ambla-triatlon op It Amelân wie dit jier ek dekôr foar it NK Cross-triathlon. Jorik van Egdom út Veenendaal wie nei 1,5 km swimmen, 36 km mountainbiken en 12 km hurddraven de sterkste.

Yn in slopende cross-triatlon oer it eilân, wêrby't de dielnimmers harren weagje oan in swimtocht yn de Waadsee, wêrnei't se rinnend of fytsend troch de dunen, de bosk en oer it strân moasten, gie it sulver nei ploechgenoat Martijn Dekker. Arie de Jong fan Easterwâlde einige as tredde en wie dêrmei de bêste Fries.

Trefwurden: 
It Amelân triatlon Tri-Ambla
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)