Lege opkomst demokrasydei

13 sep 2014 - 17:17

Twahûndert besikers kamen sneon nei it Provinsjehûs yn Ljouwert foar de Dei fan de Demokrasy. Dat foel de inisjatyfnimmers wat ôf. De minsken koene it gebou besjen en yn de kunde komme mei politisy. Doel wie om sjen te litten oan it publyk wêr't it oer giet yn it Provinsjehûs.

Alle steatefraksjes wiene oanwêzich. Fan it kolleezje wie deputearre Kramer der om te praten mei de minsken. Fierders koe ek debattearre wurde yn de histoaryske steateseal. De measte minsken woene it gebou besjen. Der wurdt kommende wike praat oer in mooglik ferfolch.

Trefwurden: 
Dei fan de Demokrasy
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)