Stikkene spoarbrêge by Grou

13 sep 2014 - 16:46
Spoarbrêge (hjir op argyffoto) - Foto: Google Earth

In stikkene spoarbrêge hat sneontemiddei foar in soad problemen soarge by it treinferkear tusken Ljouwert en Zwolle. Tusken it stasjon Grou-Jirnsum en Akkrum rieden in pear oeren lang gjin treinen. Reizgers hiene mear as in oere fertraging.

De problemen wiene oan 'e ein fan de middei oplost.

(advertinsje)
(advertinsje)