Winst foar Drachtster Boys

Drachtster Boys pakte sneon op eigen fjild in 1-0 winst op CSV Apeldoorn. De ploech fan trainer Fred de Boer kaam betiid yn de wedstriid foar te stean troch in treffer fan Sicco Bouwer. In oertrêding op Aziz Geyik waard dêrnei net troch de skiedsrjochter sjoen, wêrtroch't de Drachsters in strafskop ûntholden waard.
Kevin Bakels wie nei rêst ticht by de twadde Drachtster treffer, mar syn skot waard keard troch de peal. Mei noch 10 minuten te gean ûntsnapten de Drachtsters oan de Apeldoornse lykmakker en wisten de trije punten thús te hâlden.