Harkemase Boys wint fan ACV

Harkemase Boys pakte sneon yn de twadde wedstriid fan it seizoen in nipte 1-0 oerwinning by ACV. Yn Assen sette Henny Bouius de Harkiten yn de 5e minút op foarsprong. De ploech fan trainer Jan Vlap wie fuort dêrnei ticht by de 2-0, mar skotten fan Bolt en Bacuna koenen mei muoite keard wurde.
Nei rêst sette ACV mear druk op de Harkemase ferdigening. Goede rêdings fan de Harkemase keeper en it nedige lok soargen derfoar dat de Harkiten de oerwinning oer de einstreek lutsen.
Ferline wike ferlear Harkemase Boys mei 2-1 fan Excelsior '31.