Man lit saakje sjen oan bern
De plysje siket in man dy't freedtejûn op de Praamsmaleane yn Boalsert syn spultsje oan bern sjen litten hat. Bern dy't in bernedisko besochten, seagen de man by in fiver stean. Hy hie gjin broek oan en boarte mei syn spultsje.
It giet om in man fan 50 oant 60 jier. Hy hie in lange, swarte jas oan.