'Op reis' tema Monumintedei

Rûnom yn de provinsje binne frijwilligers fan musea, âldheidsferienings en doarpsbelangen dwaande mei tariedings foar aktiviteiten dy't sneon organisearre wurde yn it ramt fan Iepen Monumintedei 2014. Under it tema 'Op reis' binne rûnom yn Fryslân wer monuminten fergees fan binnen en bûten te besjen.
Dêrneist wurde aktiviteiten lykas fytstochten en merken hâlden.